Protest Balkster ûndernimmers

26 mrt 2012 - 12:33

Undernimmers yn Balk hawwe moandei protestearre tsjin it op 'e nij ôfsluten fan de Van Swinderenstrjitte yn de simmermoannen. Ferline jier die de gemeente Gaasterlân-Sleat dêr in proef mei. Auto's mochten dan de strjitte net yn, om it winkeljend publyk en toeristen mear romte te jaan.

De ûndernimmers wiene dêr doe al net foar, mar neffens har bart no dizze simmer itselde en is dat net mei harren oerlein. Tiisdei praat de ried oer it foarstel om de strjitte fan maaie oant en mei mids septimber ôf te sluten.

Mar dy perioade, sizze de ûndernimmers, is te lang. De ûndernimmers fiele mear foar in ôfsluting yn allinnich july en augustus.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)