Griente en fruit fan Disney

01 nov 2007 - 21:12

Griente- en fruithannel Smeding yn Sint Anne komt mei nije produkten spesjaal foar bern. Under de namme 'Disney Fun Fruit' komt der fruit mei ôfbyldings fan ûnder oaren Donald Duck en Mickey Mouse derop. Smeding hat dêr ôfspraken oer makke mei The Walt Disney Company.

It bedriuw makket alve fan dit soarte berneprodukten. Doel is om it imago fan griente en fruit by bern te ferbetterjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)