Bern reedride foar Afrika

De kommende wiken kin wer riden wurde foar wetter (foto Martin de Jong)
Goed fjouwertûzen bern út Fryslân sille te reedriden foar bern yn Afrika. Fan 5 oant en mei 16 novimber stean se op 'e redens om jild yn te sammeljen foar skjin drinkwetter.
Se dogge mei oan de lanlike aksje fan skoalbern 'schaatsen en zwemmen voor water'. Yn Fryslân wurdt allinnich riden. De bern litte har sponsorje foar elts rûntsje dat se ôflizze.