Grut tekoart jonge keunstners

01 nov 2007 - 20:54

Der is yn Fryslân in tekoart oan jonge byldzjende keunstners. Dat sei deputearre De Vries tongersdei by de ûntbleating fan it 8ste keunstwurk op de farrûte fan De Lemmer nei Delfsyl.

Meiïnoar binne by de provinsje mar 24 byldzjende keunstners bekend dy't jonger as 36 jier binne, wylst der wol 100 keunstners binne fan foar 1945. De deputearre wol yn gearwurking mei de keunstakademys yn Amsterdam mear jonge keunstners nei Fryslân helje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)