Antillianen: 9 jier sel easke

01 nov 2007 - 14:45

It iepenbier ministearje easket njoggen jier selstraf tsjin in Ljouwerter (42) dy't belutsen west hat by in sjitpartij. De Antiliaanske man wurdt fertocht fan poging ta moard. Yn dizze saak binne noch twa oare fertochten, har strafeask wurdt letter bekend.

Op 14 maaie sketten de trije Antillianen op elkoar by in drok krúspunt yn Ljouwert. Oanlieding wie nei alle gedachten in famyljerûzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)