Asbest fûn by wurk yn Drachten

© Omrop Fryslân
By it bouryp meitsjen fan grûn yn de nije wenwyk Frijburgh yn Drachten is asbest fûn. It giet om platen dy't yn in tichtgoaide sleat leinen. In spesjalisearre bedriuw sil de platen fuorthelje. Dat kostet 80.000 euro.
De gemeente Smellingerlân bringt meikoarten de omwenners op de hichte fan de fynst fan it asbest. De wenwyk Frijburgh mei 450 wenten komt oan de noardkant fan Drachten.