Mear yngrepen hertsintrum MCL?

01 nov 2007 - 11:56

It hertsintrum fan sikehûs MCL yn Ljouwert ferwachtet nije yngrepen dwaan te meien. It giet om it ynplantearjen fan apparaten dy't hertritmestoarnissen foarkomme. Minister Klink fan Folkssûnens wiist meikoarten de hertsintra oan dy't de yngreep dwaan meie.

It hertsintrum fan it MCL hat him de ôfrûne tiid al tared op de nije operaasjes. Meikoarten wurdt ek in byienkomst foar pasjinten hâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)