Cambuur ferliest arbitraazje

Wesseling hoecht gjin jild oan Cambuur werom te jaan
Ald Cambuur-trainer Roy Wesseling mei de winstpreemjes hâlde dy't hy útbetelle krige nei syn ûntslach yn 2006. Yn totaal soe it gean om in bedrach fan sa 'n 5000 Euro.
Cambuur hie in arbitraazjesaak tsjin Wesseling oanspand omdat de club it jild werom hawwe woe. Mar de Ljouwerters binne yn it ûngelyk steld.