Bou Van der Valk Snits mei los

© Omrop Fryslân
De gemeente Snits hat in fergunning ôfjûn foar de bou fan in Van der Valk-hotel yn de stêd. It hotel komt yn it Rasterhoffpark. Nei alle gedachten set de bou maaie takom jier útein.
It hat lang duorre foardat de gemeente de fergunning ôfjaan koe. Earst moasten 800 beswieren tsjin de bou behannele wurde. Dy gienen benammen oer de kap fan beammen yn it park.