Alves mooglik nei Manchester

01 nov 2007 - 09:58
  • Afonso Alves giet mooglik nei Manchester City (foto Martin de Jong)

Hearrenfean-spits Afonso Alves (26) giet mooglik yn 'e winterstop nei Manchester City. De Ingelske club soe hjiroer in oerienkomst sletten hawwe mei de direksje fan sc Hearrenfean. Dat melde kranten yn Ingelân.

Wat Alves kostje moat is net dúdlik. Manchester City soe ynearsten in bod útbrocht hawwe fan goed 9 miljoen pûn (sa 'n 13 miljoen Euro). Direkteur Yme Kuiper fan Hearrenfean wol gjin kommentaar op de saak jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)