Rydbewiis kwyt yn Surhuzum

01 nov 2007 - 09:55

De plysje hat woansdei by in snelheidskontrôle op de Langval yn Surhuzum it rydbewiis fan in frou út Surhústerfean ynnaam. De frou ried 92 kilometer yn de oere, wylst op it stik dyk mar 30 riden wurde mei. Dy snelheid is ynsteld omdat it grien lâns de dyk snoeit wurdt.

De kontrôle waard hâlden op fersyk fan de minsken dy't oan it snoeien binne. Neffens har hâlde automobilisten har geregeld net oan de tydlike snelheid.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)