'Alders soargje foar gefaar'

01 nov 2007 - 07:31

Alders dy't harren bern nei skoalle bringe soargje foar gefaarlike ferkearssituaasjes by de skoallen. Dat docht bliken út in ûndersyk dat by 37 basisskoallen yn Ljouwert halden is. Auto's en fytsen wurde oeral op de dyk parkeard op plakken wer't it net kin of mei.

De gemeentefraksjes fan it CDA en de VVD wolle dat de gemeente 25.000 euro beskikber makket om de grutste problemen op te lossen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)