SC Hearrenfean út de beker

31 okt 2007 - 23:10

De Sportklub Hearrenfean leit út it KNVB bekertoernoai. Ajax wie yn de eigen Arena mei 3-1 te sterk. Yn de earste helte gong it by de Feansters twa kear folslein ferkeard doe't Ajax in frije traap nimme mocht. Heitinga en Maduro wiene de doelpuntemakkers foar de Amsterdammers.

Klaas Jan Huntelaar makke yn de twadde helte de 3-0. Dêrnei waard it troch Michael Bradley noch 3-1, mar mear siet der foar de Feansters net yn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)