Steaten: Waad op Unesco-list

31 okt 2007 - 16:19

De Fryske steaten ha woansdei ynstimd mei de nominaasje fan de Waadsee foar in plak op de wrâlderfguodlist fan Unesco. Wol is as betingst steld dat dit net ta ekstra regels liede moat fan it ryk of Europa. De steaten binne benaud dat oars guon saken net mear mooglik binne yn en om it Waadgebiet.

Op Sinteklazedei sille ryk, eilannen en Waadprovinsjes de ôfspraken ûndertekenje om de Waadsee op de prestizjeuse list te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)