Wurk Wâldwei smyt hunebêd op

31 okt 2007 - 14:15

De ferdûbeling fan de Wâldwei hat njonken in brêge en in akwadukt ek noch in hiel oar keunstwurk oplevere: in hunebêd. De baggerders dy't wurke ha oan it akwadukt hawwe alle balstiennen dy't se opdjippe ha sammele en by it akwadukt op in bulte lein. It is in soarte fan hunebêd.

De dykwurkers hoopje dat harren keunstwurk lizzen bliuwe sil as oantinken. Minister Eurlings sil de dyk yn jannewaris offisjeel iepenje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)