Noardlike KvK iepene yn Grins

Yn de stêd Grins is woansdei de nije Keamer fan Keaphannel iepene. Dizze nije keamer is tenei de haadfestiging foar de trije noardlike provinsjes. Yn Ljouwert bliuwt wol in bijkantoar, mar de fasilitearjende tsjinsten lykas P&O binne nei Grins ferfearn.
Eric Jansen is direkteur fan de nije noardlike Keamer fan Keaphannel. Hy wie earder direkteur fan de keamer yn Ljouwert. De reorganisaasje is it gefolch fan in besunigingsslach.