'Japicxpriis moat omheech'

31 okt 2007 - 12:32

It jildbedrach dat ferbûn is oan de Gysbert Japicxpriis, de wichtichste literêre priis fan Fryslân, moat omheech. Skriuwers dy't de priis winne krije no 5.000 euro, mar it grutste part fan 'e steaten fynt dat bedrach eins te leech.

Neffens PvdA-steatelid Van Duinen kin in gruttere priis skriuwers motivearje om faker yn it Frysk te skriuwen. Boppedat stiet it bedrach net yn lykwicht mei it belang fan de priis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)