Kompjûter foar minima-bern

Skoalbern út de gemeente Smellingerlân kinne in kompjûter mei ynternet krije
Bern yn it fuortset ûnderwiis yn de gemeente Smellingerlân kinne in kompjûter mei ynternet krije. De gemeente wol sa foarkomme dat de bern achterop reitsje yn fergeliking mei leeftydsgenoatsjes. De regeling is bedoeld foar bern fan âlders dy't al mear as 2 jier ûnder it minimum libje.
De PC-regeling is ûnderdiel fan it nije minimabelied fan 'e gemeente. Yn Smellingerlân libje sa'n 2500 minsken ûnder it minimum.