Noch gjin tips oer strjitrôven

31 okt 2007 - 11:39

De plysje hat oant no ta noch net ien tip binnen krigen nei oanlieding fan de útstjoering fan Plysjepost oer de strjitrôven yn Ljouwert. Tiisdeitejejûn waard yn dat programma omtinken jûn oan in searje fan trije oerfallen yn de stêd op ien jûn.

De plysje tinkt dat de trije oerfallen troch deselde beide dieders dien binne. Der is in apart tiim op de saken set.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)