Ferdûbele Wâldwei klear

De wâldwei is no folslein fjouwerbaans
It ferkear kin sûnt woansdeitemoarn oer de nije Wâldwei ride. De dyk is no tusken it Hemriksein by Ljouwert en Drachten folslein fjouwerbaans. It wurk begûn trije jier lyn en is no earder klear as ferwachte.
Njonken de dûbele rydbaan is der ek in akwadukt en in hegere Fonejachtbrêge oanlein. Op de nije dûbele Wâldwei mei foarearst net hurder as 80 kilometer riden wurde, omdat der noch wat wurksumheden ôfrûne wurde moatte.