Lêste oprop Suderseespoar

Der wurdt in beslút fan de minister ferwachte
De oprop fan 'e Provinsjale Steaten fan it noarden oan minister Eurlings fan ferkear foar de komst fan it Suderseespoar falt minder skerp út as earst de bedoeling wie. Dat die tiisdeitejûn bliken op it mienskippelike spoeddebat yn it Ljouwerter provinsjehûs.
Hast unanym wiene de steateleden foar de ultime oprop om no ris te kiezen foar in rappe spoarferbining tusken Schiphol en de stêd Grins.