Ofslútdykprojekt ek yn Frysk

Der is in projekt ûntwikkele yn it ramt fan it 75-jierrich bestean fan de ôfslutdyk
It lanlik skoalprojekt oer de Ofslútdyk, Streep door de Zee, ferskynt ek yn in Fryske ferzje. Dat waard bekind by de presintaasje fan it projekt yn Lelystêd. Rykswettersteat en trije musea hawwe it projekt ûntwikkele yn it ramt fan it 75-jierrich bestean fan de Ofslútdyk.
Ien fan dy musea is it Kazemattemuseum by Koarnwertersân. Ed Nijpels sil op 7 novimber it earste eksimplaar yn ûntfangst nimme.