Kloftferbod yn Ljouwert

30 okt 2007 - 22:11

Ljouwert stelt in kloftferbod (samenscholingsverbod) yn foar de hiele gemeente. De plysje krijt dêrtroch mear mooglikheden om ferfelende groepen fuort te stjoeren.

It giet dan bygelyks om groepen jongeren dy't omhingje yn winkelsintra, tunneltsjes of pleintsjes. Ek ferslaafden of oaren dy't yn kloften foar oerlêst soargje kinne no maklikker fuort stjoerd wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)