Utwreiding ynternetsupermerk

De webside fan BoodschappenXL
De ynternetsupermerk BoodschappenXL groeit hurder as ferwachte. Om de formule út te testen besoarge de winkel earst allinne yn de gemeenten Smellingerlan en Opsterlân, mar dêr komme no de gemeente Hearrenfean, East -en Weststellingwerf by.
Fjouwer wike lyn is de www.boodschappenxl.nl online gien, mar de fraach út it omlizzend gebied is sa grut dat it besoarchgebiet earder as pland útwreide wurdt.