Nije toeristyske webside

30 okt 2007 - 16:52
  • De webside fan Friesland Wonderland

Undernimmers yn de toeristyske sektor kinne har ynformaasje oer de omjouwing tenei makliker kwyt, op de nije webside Frieslandwonderland.nl.

De site is in grutte database fol mei toeristyske ynformaasje dêr't oare sites gebrûk fan meitsje kinne. Op dit stuit binne der al fjirtich oare sites oan keppele. Inisjatyfnimmer Bauke Folkertsma kaam op it idee troch it boek '419 x Friesland' fan Peter Karstkarel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)