'Boete foar slaan te leech'

De saak fan de slaande reizger tsjinnet woansdei foar it Hôf yn Ljouwert
In bussjauffeur dy't ferline jier yn in ridende bus troch in passazjier oanfallen waard, fjochtet de straf oan dy't syn oanfaller krigen hat. De saak tsjinnet woansdei.
De man sloech de sjauffeur doe't dy krekt opluts. As reaksje trape de sjauffeur hurd op de rem. Troch syn aksje hat de man in bus fol minsken yn gefaar brocht, fynt de sjauffeur. De 150 euro boete dy't de rjochter oplein hat, is him fierstente leech.