Lanlik PvdA grypt yn yn L'diel

30 okt 2007 - 16:08

It lanlik bestjoer fan de PvdA grypt yn by de ôfdieling Littenseradiel. It ynterimbestjoer dêr is op non-aktyf set. By de lêste gearkomste binne besluten naam dy't safier giene dat alle leden dêr yn it foar fan witte moatten hiene. Dy besluten binne ûnjildich ferklearre. It gie bygelyks oer de moasje om it betrouwen yn it kolleezje út te sprekken.

It lanlik bestjoer fan de PvdA praat nije wike oer de saak Littenseradiel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)