Fryske skiedsrjochter nei WK
Kuorbalskiedsrjochter Alle Visser (47) fan Drachten is oproppen om te fluitsjen by it WK kuorbaljen. Dat begjint no tongersdei yn Brno yn Tsjechië.
Nederlân is lykas altiten favoryt foar de titel en sil nei alle gedachten de titel ek wol wer pakke. By de Nederlânske seleksje sitte ek in pear Friezen. It WK duorret oant 10 novimber.