Makliker oan soarch komme

© Omrop Fryslân
De stifting Foar Elkoar docht proeven om de tagong ta soarch makliker te meitsjen. Húsdokters, wykferplegers en soarchoanbieders krije it foech om advys te jaan oer soarchferlet. Soarch út bygelyks de Wet Maatschappelijke Ondersteuning (WMO) en de AWBZ moat dêrtroch better berikber wurde.
Ferpleechkundigen fan sikehûs Talma Sionsberg en húsdokters yn Dokkum dogge ûnder oare mei oan de proef.