Strjitrôven Ljouwert op tv

30 okt 2007 - 13:33

De plysje set grut yn op it finen fan de dieders fan strjitrôven yn Ljouwert. Der hawwe dit jier al sa'n 90 fan soksoarte oerfallen west.

Plysjepost hat tiisdeitejûn omtinken foar de strjitrôven. De plysje jout dan mear details oer de oerfallen en de mooglike dieders. En ien fan de slachtoffers, in man (60) út Ljouwert fertelt syn ferhaal. Hy waard koartlyn delstutsen doe't er oerfallen waard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)