Strange kontrole op fytsljocht

Lampkes oan de jas of op de fytstas wurde net mear akseptearre
De plysje kontrolearret de kommende moannen strang op fytsferljochting. Lampkes oan de jas of op de fytstas wurde net mear akseptearre. Ek knipperende lampkes kinne in boete opsmite.
Alle plysjekorpsen ha in brief krigen, dêr't yn stiet dat se der goed op tasjen moatte dat de regels neilibbe wurde. Minne ferljochting op de fyts leveret in boete fan tweintich euro op.