Bank warskôget foar hypoteek

30 okt 2007 - 11:57

De Rabobank fan it Hearrenfean hat 13 tillefoantsjes krigen fan ûngerêste klanten mei in Op_Maat-hypoteek. De bank warskôget foar de risiko's fan dy spar- en belizzingshypoteek.

Yn it konsuminteprogramma Tros_Radar kaam de hypoteek yn opspraak om't it rindemint yn guon gefallen ôffalt. It kin wêze dat troch ôffallende belizzings de einútkearing net helle wurdt as de hypoteek ôfrûn is. Klanten kinne dêroer prate mei de bank.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)