Begjin bou brede skoalle Snits

© Omrop Fryslân
Wethâlder Andries Ekhart fan Snits hat tiisdeitemoarn de earste peal slein foar de brede skoalle dy't oan de súdkant fan Snits komme moat.
De nije brede skoalle Duinterpen biedt aanst neist ûnderwiis ek berneopfang tusken moarns healwei achten en jûns healwei sânen. Dit omdat de skoalle yn in wyk mei in soad wurkjende âlden stiet en der in soad ferlet is fan berneopfang. It gebou is bedoeld foar sa'n tûzen bern.