Moarnsbrochje op skoalle
Op guon skoallen yn Fryslân waard tiisdeitemoarn mei-inoar iten, yn it ramt fan it Nationale_Schoolontbijt. Dat evenemint is yn it libben roppen om heiten en memmen en de bern sels derop te wizen dat it wichtich is it moarnsmiel net oer te slaan. Dat bart hiel faak wol.
Yn Fryslân ieten ûnder oare de bern fan De_Finne yn Aldeboarn tiisdeitemoarn op skoalle.