Mist spilet fuotballers parten

© Omrop Fryslân
De mist fan moandeitejûn hie gefolgen foar de beloften fan de Fryske fuotbalclubs. De wedstriid Jong Hearrenfean tsjin Jong_NEC moast nei 17 minuten ophâlde by in stân fan 0-0.
Jong_Cambuur tsjin Jong_Grins hat in heal oere stillein, mar is wol útspile. De Ljouwerters ferlearen mei 1-6 fan Grins. Nei tsien minuten makke Ale_de_Boer de 1-0, mar Grins kaam werom mei ûnder oare in hattrick fan Stef_Nijland.