Hantekens foar Harnzer sikehûs

Yn it sikehûs yn Harns sille gjin operaasjes mear plakfine
Tûzenen hantekens moatte foarkomme dat de ynwenners fan Harns meikoarten foar operaasjes net mear yn it eigen sikehûs terjochte kinne. De partijen yn 'e gemeenteried en de SP sille de kommende wiken de doarren bydel om de besunigingsplannen te kearen.
It MCL hat oankundige dat it sikehûs yn Harns flink ynkrimpe moat. Grutste feroaring is dat der yn Harns gjin operaasjes mear útfierd wurde sille.