SRV-wein komt werom

© Omrop Fryslân
De SRV-wein komt werom, mar dan mei in soad ekstra's om in ferskaat oan foarsjennings wer op it plattelân oanbiede te kinnen. Mei dat lanlike plan komme de ûndernimmers yn it midden- en lytsbedriuw en CDA-Twadde Keamerlid Joop_Atsma.
It plan wurdt woansdei oanbean oan minister Verburg fan Lânbou. By al it omtinken foar probleemwiken bliuwt de oandacht foar it plattelân wat achter yn Den_Haach, fine de inisjatyfnimmers.