Frisia wol sâlt winne op lân

Frisia wol mooglik sâlt winne yn Menameradiel en it Bilt
Der komme sâltputten yn it Bilt en Menameradiel as de sâltwinning ûnder de Waadsee net trochgiet. It sâltfabryk hat dêr fergunningen foar oanfrege. De gemeentes en provinsje binne tsjin de plannen om't de grûn fersakje kin troch sâltwinning.
Sâlt winne is nedich om Frisia yn Harns iepen te hâlden. Om't de kâns bestiet dat it sâltwinnen yn de Waadsee ferbean wurdt, siket it fabryk om oare mooglikheden.