Mear dielnimmers Berenloop

Saher Yousef is favoryt by de heale maraton
Oan de Berenloop op Skylge dogge dit jier 1000 dielnimmers mear mei as ferline jier. De dyk tusken West en Formerum wurdt snein foar in part autofrij makke. Sa is der mear romte foar de rinners.
Der kinne 4000 minsken meidwaan. Dat sil ek it maksimum tal dielnimmers wêze foar de kommende jierren. Foar de maraton binne 750 minsken ynskreaun. De oaren rinne in heale maraton. De koartere ôfstannen binne op sneon.