Hoareka Flylân oanpakke

29 okt 2007 - 13:46

Hoarekaûndernimmers op Flylân wurde hurder oanpakt, as se har net oan de regels hâlde. By in kontrôle fan de plysje earder dizze moanne die bliken dat ferskate kroegen minsken nei 01.00 oere binnen litte. Dat mei net.

Twa kafees moasten sneon om tolve oere al ticht om't it der al faker dit jier minsken let binnen litten waarden. De kroegen op Flylân bepale bûten it seizoen sels wannear't se slute.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)