Tsjerke Wier yn finale program

De tsjerke fan Wier
It tsjerkje fan Wier sit yn de finale fan it televyzjeprograma de BankGiroLoterij De Restauratie. It tsjerkje makket dêrmei kâns op de haadpriis fan ien miljoen euro. Mei it jild kin de tsjerke opknapt wurde. Ek it Ljouwerter stedsbegraafplak út de 19de ieu sit yn de finale.
Woansdei is de finale fan it televyzjeprogramma fan de AVRO. Mei elkoar stride fjouwer projekten om de haadpriis.