Mooglik asbest by brân pleats

© Omrop Fryslân
Der is mooglik asbest frijkaam by de grutte brân snein by de pleats yn Kollumerpomp. Troch in fûle brân waard de tsiis- en skieppebuorkerij fan 200 jier âld folslein fernield. De monumintale pleats en it wenhûs binne ôfbaarnd. De skuorre mei skiep koe de brânwacht noch rêde.
Moandei wurdt ûndersyk nei mooglike asbestfersmoarging. It dak fan de pleats bestie út reid en golfplaten. De oarsaak is noch ûnbekend.