Motip ferslein nei dea kollega

29 okt 2007 - 10:11

De meiwurkers fan spuitbussefabryk Motip yn Wolvegea binne moandei ferslein op it wurk kaam. Freed ferlearen se in kollega (29) fan De Gordyk by in ûngelok. It personiel hie in bedriuwsreiske yn Veenhuizen.

De frou foel fan tsien meter hichte by it tokkeljen. Dêrby glide je mei in skean tou nei ûnderen. It hiele wykein hat der in soad kontakt west tusken de 65 meiwurkers en liedingjaanden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)