Jild foar Sierra Leone

© Omrop Fryslân
Dronryp hat sneon goed 40.000 euro ynsammele foar bernesoldaten yn Sierra Leone. Sa'n fyftich sjongers en muzikanten út it doarp diene mei oan in iepen poadiumjûn. Der wiene ek optredens fan sân bands.
Alle skoalbern fan Dronryp ha putsjes dien foar it goede doel. De opbringst is foar de stichting Foreign Child Foundation. Dy fangt yn it Afrikaanske Sierra Leone 60 eardere bernesoldaten dy't gjin heit en mem mear ha.