N924 moanne ticht foar ferkear

29 okt 2007 - 09:56

De dyk tusken Hearrenfean en Rottum is in moanne ticht. Dat giet moandei 29 oktober yn en jildt foar alle ferkear. De N924 moat ticht foar wurksumheden.

De dyk wurdt smeller makke en de strepen op de dyk wurde feroare om dúdliker te meitsjen dat der mar 60 km yn de oere riden wurde mei. Om dy reden wurdt der ek in haach yn de berm plante. Autoferkear wurdt omlaat oer de sneldyk. Lokaal ferkear moat oer Alde- en Nijehaske.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)