Terrein Quatrebras ûnnedich

29 okt 2007 - 09:23

It nij oan te lizzen bedriuweterrein by Quatrebras wurdt brûkt as foarbyld fan hoe't it net moat. Sneon gie yn Apeldoarn de kampanje fan start tsjin de oanlis fan nije bedriuweterreinen. By de manifestaasje waard it terrein by Quatrebras brûkt as foarbyld fan de oantaasting fan griene romte.

Tsjinstanners fan de Sintrale As hawwe by oanwêzige Twadde Keamerleden oantrune om nochris nei de needsaak fan de oanlis te sjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)