Sven Kramer wint 10 kilometer

Kramer de bêste op de lange ôfstannen (foto Martin de Jong)
Sven Kramer is by it NK ôfstannen winner wurden fan de tsien kilometer. Kramer ried de ôfstân yn in tiid fan 13.17.80. Dêrmei wie er rom twa sekonden flugger as Bob de Jong, dy't twadde waard. Op it tredde plak einige Brigt Rykkje yn 13.26.51.
Kramer mei no begjin desimber meidwaan oan de wrâldbeker yn Moskou, mar dat giet net troch. Hy sil yn dy perioade ekstra traine, krekt as Ireen Wüst en Renate Groenewold.