Middel wiis mei plan Arriva

© Omrop Fryslân
Boargemaster Middel fan Smellingerlân is wiis mei it plan foar in spoarlijn fan Grins fia Drachten nei it Hearrenfean. Ferfiersmaatskippij Arriva hat mei twa oannimmers belangstelling foar de oanlis fan de lijn en wol dy ek eksploitearje.
De foarkar fan Middel bliuwt útgean nei de oanlis fan de Suderseelijn. Mocht dy der net komme, dan fynt er it plan fan Arriva in goed alternatyf.