Benefytkonsert foar swimbad

28 okt 2007 - 16:20

It swimbad yn Wommels hopet mei de opbringst fan in benefytkonsert nije boarterstastellen keapje te kinnen. It konsert wurdt 17 novimber hâlden yn it pleatslike kafee. Der wurdt ûnder oare optreden troch Ramsk, 10toGo en Tsjettel. Leden fan dy lêste groep hearre ek by de inisjatyfnimmers.

De ried fan Littenseradiel moat noch in beslút nimme oer de takomst fan it swimbad. De inisjatyfnimmers fan it konsert hoopje dat it iepen bliuwt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)