Snits ferliest út fan WSV
Sneinshaadklasser Snits hat de wedstryd tsjin WSV kânsleas ferlern. Yn Apeldoorn waard it 5-0. Benammen yn de earste helte waard troch de Snitsers poer min fuotballe. By it skoft wie it al 4-0 foar WSV.
Yn de twadde helte wie Snits wol wat better, mar doelpunten bleaunen út. Fiif menuten foar de ein makke de ploech út Apeldoorn noch in fiifde doelpunt.